Janzen út redaksje De Moanne

28 jul 2003 - 00:00

Jan Pieter Janzen stapt út de redaksje fan De Moanne. De hiele redaksje fan it algemien-kulturele tydskrift hat in konflikt mei de Koperative Utjouwerij dy't it blêd publisearret. Janzen wie as einredakteur de grutte krêft fan it blêd dat fuortkommen is út Trotwaer.

Beide partijen binne it ûniens oer de betelling fan Janzen. Hy krige seis oeren betelle en wurke folle mear. Neffens KU-foarsitter Boersma wol de provinsje net mear betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)