Bewenners wolle sloop keare

28 jul 2003 - 00:00

De bewenners fan de Ljurkkstrjitte yn Drachten wolle de sloop fan har huzen keare. Mei in hantekenaksje hoopje se de 48 hierhuzen te behâlden. Wenningbedriuw Talma wol der nije huzen foar yn it plak delsette. De huzen soenen net mear foldwaan oan de easken fan dizze tiid, seit Talma.

De bewenners easkje renovaasje om't se tinke dat se de hier fan de nij te bouwen huzen net betelje kinne. Sloop omskriuwe se as kapitaalferneatiging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)