Grêven skeind yn Easterwâlde

© Omrop Fryslân
Tolve grêfstiennen yn Easterwâlde binne fan it wykein fernield. Yn de nacht fan freed op sneon ha ûnbekenden op it hôf by de herfoarme tsjerke stiennen omsmiten en mei plakettes goaid. Hoe grut oft de skea is, is noch ûndúdlik.
Ek is net dúdlik oft de stichting dy't it begraafplak beheart wol dutsen is tsjin ditsoarte fandalisme. Yn alle gefallen is de emosjonele skea grut. Fan de dieders ûntbrekt noch elk spoar.