Boete foar Harkemase Boys

28 jul 2003 - 00:00

In boete fan 2500 euro en in proeftiid fan twa jier. Dy straf hat de kommisje fan berop fan it fuotbalbûn jûn oan Harkemase Boys. Op 10 maaie rûn de wedstriid tsjin Quick Boys út 'e hân. Yn de striid om it kampioenskip fan de sneonshaadklassen waard fochten.

Mei de útspraak is de eardere útspraak fan de tuchtkommisje ferneatige. Quick Boys krige deselde straf. De Harekiten binne net tefreden mei de útspraak, mar kinne der neat oan feroarje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)