Deade by ûngelok op Wâldwei

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige automobilist út Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein om it libben kaam by in ferkearsûngelok op de Wâldwei by Wergea. De man, dy't út de rjochting fan Drachten kaam, is nei alle gedachten de macht oer it stjoer ferlern en fan it talud fan de Langdeelbrêge ôfriden.
It lichem fan de Ljouwerter waard út de auto slingere en waard inkelde tsientallen meters fierderop yn 'e greide fûn.