'Bestimmingsplan foar liedingen'

27 jul 2003 - 00:00

It is in rommeltsje ûnder de grûn. Dat stelt direkteur Rietjens fan it Klic, it kabel- en liedingen ynformaasjesintrum. Neffens him wurdt der troch de oerheid tefolle talitten en moat der in bestimmingsplan komme foar de ûndergrûn.

Hy fynt de wetlike maatregel, dy't it regear nimme wol om foar te kommen dat liedingen stikken lutsen wurde, net fier genôch gean. Rietjens wol ek dat de liedingen yn kaart brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)