Hearrenfean wint fan Lierse SK

27 jul 2003 - 00:00

Sportklub Hearrenfean is heale finalist yn de yntertoto-kompetysje. Yn it Belgyske Lier waard sneontejûn Lierse SK ferslein mei 1-0 troch in doelpunt fan Romano Denneboom. Yn de thúswedstriid hiene de Feansters al mei 4-1 wûn.

Trainer Foppe de Haan moat no syn ploech klearmeitsje foar de striid tsjin it Sloweenske Koper. Dy ploech spile 2-2 tsjin it Grykske Egaleo, mar hie de earste wedstriid wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)