Omrop krijt 1400 klachten

26 jul 2003 - 00:00

Omrop Fryslân hat de ôfrûne wike yn fiif dagen tiid 1400 klachten binnen krigen oer de minne ûntfangst fan Omrop Fryslân radio. De measte klachten komme fan harkers út it westen fan Fryslân.

De minsken kleie benammen oer rûs op 'e stjoerder. Ek binne der minsken dy't Omrop Fryslân hielendal net ûntfange kinne. Alle klachten wurde de kommende wiken ûndersocht. Klachten kinne no allinnich noch trochjûn wurde fia it formulier op www.omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)