De PC is 'Keninklik' wurden

26 jul 2003 - 00:00

De PC hat freed it predikaat Keninklik krigen. Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels makke dat bekend op de jubileumresepsje fan de PC. De Perma-nente Commissie bestiet dit jier 150 jier.

De belangrykste keatswedstriid is lykas de tradysje dat ha wol pland op de fyfde woansdei fan july. Op 30 july keatse sechtjin partoeren op it hillige gers fan it Sjûkelân om de eare en de titel fan Kening fan de PC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)