Berkoper tsiis bêste boeretsiis

26 jul 2003 - 00:00

De Berkoper Tsiiis fan 'e famylje Van der Gun fan Aldeberkeap hat sneontemiddei yn Hylpen de ferkiezing foar de bêste boeretsiis fan Fryslân wûn. It evenemint wie organisearre troch Fryslân Kulinêr. In sjeury besteande út twa Fryske sjefkoks, in tsiiskenner en Joop Braakhekke fûn de Berkoper tsiis it lekkerst.

It wie de tredde ferkiezing om in Frysk produkt. Twa jier lyn gie it om droege woarst, ferline jier om sûkerbôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)