Earme bargeboer wint miljoen

© Omrop Fryslân
Bargeboer Andries Bouma fan Warkum hat in miljoen euro wûn mei de Lotto. De Warkumer hat gelok, want hy woe de lotto opsizze omdat it him te djoer waard. Bouma (59) kin it jild goed brûke, want it giet net goed mei syn bargebedriuw. "It jild is op in goed plak telâne kaam", sa fynt Bouma.
Bouma bliuwt bargeboer, mar sil it no al wat kalmer oan dwaan. Hy krijt net hielendal in miljoen want in kwart fan 'e priis giet nei de belesting.