Prizen útrikt oan skipper Visser

26 jul 2003 - 00:00

Douwe Visser en syn bemanning ha freed it sulveren skûtsje fan de SKS krigen. Mei de Sneker Pan ha se lykas ferline jier it skûtsjesilen fan de SKS wûn. Skipper Visser krige fan deputearre Bijman ek in priis fan de provinsje. De skaal is in wikselpriis.

De bemanning fan de Sneker Pan wurdt sneon huldige op it stedhûs fan Snits. Mei in iepen bus meitsje se in tocht troch it sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)