Kramer twad by tiidrit yn Assen

© Omrop Fryslân
Sven Kramer fan Aldskoat wie freed twad yn de ynternasjonale jeugdtoer fan Assen. Yn de tiidrit foar junioaren hie er fjirtjin sekonden achterstân op winner Robert Gesink fan Varsseveld. Yn it klassemint spilet Kramer gjin rol fanwege in lekke bân earder.
Robert Gesink is de nije lieder. Andries Weening fan De Harkema is de bêste Fries op in fjirtjinde plak yn it algemien klassemint. De Asser jeugdtoer wurdt sneon ôfsletten.