Mooglik wer radar yn Sondel

© Omrop Fryslân
By kamp Sondel yn Gaasterlân moat wer in radar pleatst wurde. Dat seit de stifting Gaast en Stêd. Kamp Sondel wie yn de twadde wrâldoarloch in radarpost fan de Dútsers. Trije grutte radars speurden de Noardsee ôf, op syk nei alliearre fleantugen.
Letter waard it kamp in populêre fakânsjebestimming yn Fryslân. In soad Friezen ha der op skoallereiske west. De stifting wol it kamp graach behâlde om't it wat fertelt oer de skiednis.