Alde reklameskildering yn Harns

25 jul 2003 - 00:00

Alde gloarje wurdt yn eare hersteld yn in sintrum fan Harns. Op in bûtenmuorre fan in winkel wurdt wer in âlde reklameskildering oanbrocht, dy't der eartiids ek op sitten hat. De skildering is in inisjatyf fan de feriening Oud Harlingen dy't him ynset foar it behâld fan karakteristike saken.

De skildering wurdt makke troch keunstskilder Klaas Posthuma. It is in ôfbylding fan in frou yn klederdracht dy't in produkt oanpriizget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)