Brada finansjeel yn swier waar

© Omrop Fryslân
Slachterij Brada yn Ljouwert hat útstel fan betelling oanfrege. De slachterij is freedtemoarn ek stillein. De direksje fan Brada hat de maatregels nommen om tiid te krijen foar it finen fan in oplossing foar de problemen.
De direksje fiert petearen mei ferskate mooglike jildsjitters. De direksje fan Brada seit te hoopjen dat de slachterij moandei wer iepen kin. De kapasiteit fan 'e slachterij is te grut, no't der hieltiten minder fee is yn Nederlân.