'Min steld mei flechtrûtes'

24 jul 2003 - 00:00

It is faak min steld mei de flechtrûtes yn hotels, pensjons en kampear- buorkerijen yn gefal fan brân. Dat seit brânwachtkommandant Cor Achterberg nei oanlieding fan de twongen sluting fan de kampearbuorkerij yn Warten. Hy is koördinator brânprevinsje yn seis gemeenten yn noardeast-Fryslân.

Yn dy gemeenten wurde de kommende jierren 8500 gebouwen kontrolearre. It giet dan benammen om hotels, it sikehûs yn Dokkum en eilânakkommodaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)