Keunstgers net brângefaarlik

24 jul 2003 - 00:00

It keunstgers yn it stadion fan fuotbalklub Cambuur yn Ljouwert wol wol baarne, mar is net brângefaarlik. Dat is tongersdei mei in proefke fêststeld. Ferûntrêste supporters binne dêrmei wer in bytsje delbêde.

It stikje keunstgers dat brûkt waard foar de test fette wol flam, mar wie net sa brânber dat it fjoer him gau ferspriede koe. It brângefaar wurdt hielendal minder no't der noch in laach sân en rubber oer it gers komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)