Van der Wal 5de yn Súdlaren

23 jul 2003 - 00:00

It hurdfytskriterium fan Súdlaren - de earste fan in trijedaagse - waard woansdei wûn troch Peter Olde Dubbelink fan Rossum. Hy wie de rapste fan in kopgroep fan fiif man. Eelke van der Wal fan Holwert siet yn dy kopgroep, mar de eardere winner yn Twizelerheide en Beetstersweach kaam net fierder as if fyfde plak.

Van der Wal ferovere al de reade trui fan it sprintklassemint. Jan-Hendrik Westra fan Mûnein waard achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)