Skiep slim fertutearzge

23 jul 2003 - 00:00

Yn Aldlemmer hawwe ynspekteurs fan de bistebeskerming woansdei hûndert skiep yn beslach nommen. De 51-jierrige eigner hie de bisten slim fertutearzgje litten. Ferskate bisten hiene rûde en klaaipoaten, ek wol rotkreupel.

Tsjin de boer is proses-ferbaal opmakke. Hy makke de flater foar de twadde kear. Yn maaie fan dit jier waard er ek al bekeurd om't er net goed op syn bisten paste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)