Iselmar hâldt wetter op peil

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hellet dizze dagen twa miljoen kubike meter wetter út de Iselmar om it wetterpeil yn de provinsje op peil te hâlden. Der is in tekoart oan wetter troch de waarmte en te min delslach.
Yn Fryslân hoege gjin maatregels nommen te wurden lykas in bereiningsferbod. Dat waard yn it suden fan it lân ynsteld om't er te min oanfier is fan wetter. Foar ús provinsje is der genôch wetter yn de Iselmar beskikber.