'Fersekering yn jierferslach'

© Omrop Fryslân
Der moat in fersekeringskarmerk komme yn de jierferslaggen fan ûndernimmers. Dat seit direksjefoarsitter Duthler fan de Fryske fersekerder Avero. It is no al sa dat de notaris in goedkarring jout yn in jierferslach. Mei it fersekeringskarmerk moat dúdlik wurde foar ynvestearders, personeel en klanten hoe't it bedriuw fersekere is.
Neffens Avero binne guon bedriuwen no noch ûnderfersekere.