Kafeebaas slim mishannele

© Omrop Fryslân
In 39-jierrige kafeebaas út Sigerswâld is sneontemoarn slim mishannele. Doe't it kafee sneontemoarn iepen gie, kamen fjouwer manlju de saak binnen dy't gelyk trochrûnen nei boppe ta. Dêr lei de kastelein te sliepen. De fjouwer manlju hawwe him doe mishannele.
Ien fan de fjouwer waard herkend as in 48-jierrige ynwenner fan De Wylp yn Grins. Hy waard ferline wike freed troch de eigner út it kafee set. De man is oanhâlden en sit noch hieltyd fêst.