'Sintrale Brandaris moat bliuwe'

23 jul 2003 - 00:00

De ferkearssintrale op de Brandaris moat iepen bliuwe. Kommissaris Nijpels moat him derfoar ynsette. Dat skriuwe de helpferlieningsorganisaasjes op Skylge yn in brief oan Nijpels. Se meitsje har soargen oer it plan fan Rykswettersteat om de bemanning fan de Brandaris fuort te sanearjen.

De sintrale is fan grut belang by de helpferliening. Se kinne rampen gau sinjalearje en kinne der foar soargje dat ûngelokken tefoaren kommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)