Undersyk besikers Snitswike

23 jul 2003 - 00:00

Snits ûnderfreget sa'n seishûndert minsken yn de kommende Snitswike. De gemeente wol witte hoefolle jild of de besikers tinke te besteegjen en wêr't se it jild oan útjouwe. Ek wol de gemeente witte wêr't de minsken weikomme en wêr't se yn de Snitswike ferbliuwe.

De útkomsten moatte ynsjoch jaan yn de effekten fan de Snitswike op de ekonomy. De enketeurs dogge har wurk op it Starteilân en yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)