Dupearren NNBT krije jild werom

22 jul 2003 - 00:00

Toeristen mei finansjele skea fan it fallisemint fan it Noord Nederlands Buro foar Toerisme (NNBT) yn Drachten krije noch dit jier in fergoeding. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe hjir 270.000 euro foar frijmakke.

De provinsjes tinke dat likernôch 800 fakânsjegongers jild kwytrekke binne troch it fallisemint. De skearegeling sil útfierd wurde troch it Gelders en Overijssels Bureau voor Toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)