De Lemmer wint by Ealahuzen

22 jul 2003 - 00:00

It Lemster skûtsje hat tiisdei wûn op de Fluezen by Ealahuzen. Ale Zwerver koe It Hearrenfean krekt achter him hâlde. Douwe Visser fan Snits wie tred.

Mar tolve skûtsjes sylden. Langwar is omslein. Neffens skipper Anne Tjerkstra hie in nuvere simmertwirre it skip yn de macht. ''It is skande foar it twadde plak yn it klassemint, mar it skip is heel en net ien is oerboard fallen,'' sa sei er. Ljouwert gie nei de kant nei't it skip dat fan Wâldsein rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)