Skipskasko fûn fia ynternet

22 jul 2003 - 00:00

Der is in geskikt kasko fûn foar de bou fan in replika fan in Hylper fluit. De kommisje dy't dêrmei dwaande is, hat it kasko op ynternet fûn. It leit op it stuit yn de haven fan Sint Petersburg yn Ruslân. It kostet 125.000 euro. De Hylpers hawwe in opsje fan seis moannen op it kasko.

In fluit is in skipstype út de 17e en 18e ieu. It hat grutte wolfeart brocht yn Hylpen. De skippers fearen benammen mei hout nei de Baltyske steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)