LPF-steatelid stapt út partij

© Omrop Fryslân
It steatelid Oosterhuis fan Ljouwert hat syn lidmaatskip fan 'e Lijst Pim Fortuyn, de LPF, opsein. Oosterhuis siet foar de LPF as ienmansfraksje yn 'e steaten. De Ljouwerter wol syn wurk no fuortsette ûnder de namme 'Onafhankelijke Friese Statenfractie', oftewol de OFS.
Bestjoerder Benedictus fan de LPF- Fryslân fynt it spitich dat Oosterhuis út de partij stapt, mar neffens him moat de sit al werom nei de LPF.