'Lis it kitesurfen oan bannen'

21 jul 2003 - 00:00

De gemeentes oan 'e Iselmar wolle maatregels tsjin it kitesurfen, in soarte fan krusing tusken draakjefleane en wynsurfe. Der barre hieltiten mear ûngelokken mei it kitesurfen. Njonken de surfers sels rinne bytiden ek swimmers en oare wettersporters gefaar.

De gemeente Nijefurd krijt hieltiten mear klachten oer it kitesurfen, by Makkum is de sport al ferbean. Neffens de kitesurfskoallen kin in goeie ynstruksje ûngelokken foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)