Wer winst foar Heale Moanne

© Omrop Fryslân
De Heale Moanne fan Drachten hat moandei op de Hegemermar wûn. It skûtsje fan Jitze Grondsma pakt dêrmei foar de twadde kear de winst by de SKS.
It wie in nuvere wedstriid by Wâldsein. De start waard fanwege draaiende wyn in healoere útsteld. De Jouwer gie út de wedstriid nei in protestsitewaasje. By de tonnen waard omraak besocht de oar rapper ôf te wêzen wat in soad protesten oplevere. De Súdwesthoeke waard ferrassend twad en Boalsert tred.