Busreizen nei Spanje net populêr

21 jul 2003 - 00:00

Busreizen nei Spanje binne minder populêr as earder. Guon bedriuwen ha sels bussen yn de garaazje te stean. De grutte konkurrint is it fleantúch. De fleantickets binne sa goedkeap dat busferfierders der net tsjin op kinne. De jeugd kiest foar mear lúkse en minder reistiid.

Busmaatskippijen fine it ûnearlike konkurrinsje dat loftfeartmaatskippijen belestingfrij tanke kinne, wylst bussen it folle pûn betelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)