Brân Hylpen faaks oanstutsen

21 jul 2003 - 00:00

De brân yn pensjon De Twee Hondjes yn Hylpen is nei alle gedachten oanstutsen. Dat hat ûndersyk fan de technyske resjerzje útwiisd. De plysje hat noch gjin minsken oanhâlden.

De brân waard sneintemoarn om 6.00 oere ûntdutsen. De brânwachtkorpsen fan Hylpen en Warkum binne ynset. Der wiene doe tolve gasten yn it pensjon, dy't nei bûten brocht binne. Der wie lichte panyk, mar dat koe delbêde wurde doe't it lytse brantsje gau blust wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)