Mei ambulânse Europa yn

© Omrop Fryslân
It bedriuw Visser Carrosserie yn Ljouwert wol mei de bou fan moderne ambulânses Europa ferôverje. De sike- auto's krije in keunststofopbou, wat folle goedkeaper is. Dêrmei besiket it Ljouwerter bedriuw de oare ambulânse- bouwers in slach foar te wêzen.
Op dit stuit makket Visser sechtich ambulânses yn it jier foar Nederlân, Dútslân en België.