Fierljeppen yn Drylts

© Omrop Fryslân
By it fierljeppen yn Drylts is Piet Scherjon sneon kampioen wurden by de jonges. De Burgumer sprong 16.04 meter. By de froulju wie Antke van der Wal de bêste mei 13.61 meter. By de topklasse hie Bart Helmholt fan Burgum de fierste sprong (17.78). Mei in oare sprong fan him (18.61) is er senioare-kampioen.
Lieders nei de sân bêste ôfstannen: Bart Helmholt (senioaren), Thewis Hobma (junioaren), Piet Scherjon (jonges), Antke van der Wal (froulju).