Friezen wolle nei de sinne

© Omrop Fryslân
Friezen wolle manmachtich nei de sinne ta mei fakânsje. Reisburo's hawwe it op dit stuit smoardrok. Reizen nei populêre bestimmingen lykas Turkije en Grikelân binne hast net mear te krijen. Toeristen dy't gokke op last minute oanbiedings, wurde teloarsteld. Dy binne der net mear.
Twa wiken nei in sinnige bestimming kostet sa'n 500 euro. Dat wurdt flot betelle. De reisburo's fernimme amper dat it ekonomysk wat minder giet.