Njoggen kear PC-kafee op radio

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân radio begjint moandei 21 july mei it PC-kafee. De streekrjochte útstjoering út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer is tusken 18.00 en 19.00 oere. Yn njoggen programma's, yn it wykein fan 11.00 oant 12.00 oere, sjogge we foarút nei it keatsevenemint op 30 july op it Sjûkelân.
Op de dei fan de lotting, moandei 28 july komt it program út De Koornbeurs. In dei letter beslút De Harmonie mei in konsert de rige foar keatsleafhawwers.