Hageman net nei finale Windmill

© Omrop Fryslân
De 14-jierrige Dennis Hageman fan Mantgum hat de finale fan de Windmill- cup net helle. Dat is in wedstriid dêr't de bêste jonge tennissers út de hiele wrâld oan meidogge. Hageman wûn freed ferrassend de kwartfinale tsjin de favorite Italiaan Fabbiano.
Yn de heale finale spile Hageman tsjin de Japanner Kei Nishikora. Nei in foarsprong foar Hageman einige de earste set yn in tiebreak. De twadde set waard 6-1 foar Nishikora.