MCL krijt mear skeaclaims

19 jul 2003 - 00:00

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat ferline jier 21 fersiken ta skeafergoeding krigen. Dat binne der seis mear as it MCL gewoanwei yn in jier krijt. De claims kamen fan pasjinten of neibesteanden fan minsken dy't yn it sikehûs ferstoarn wiene. De minsken klagen oer medyske flaters of ferkearde yngrepen fan sjirurgen.

Hoefolle claims takend binne, is net dúdlik. Trochinoar krijt in klager 3000 euro skeafergoeding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)