Skûtsje Drachten ferrast Starum

19 jul 2003 - 00:00

Der wie in ferrassende winner by it skûtsjesilen sneon by Starum. Skipper Douwe Visser fan Drachten gie as earste oer de finish. It is de tredde kear dat Drachten in dei-oerwinning yn de SKS- silerij pakt. Wat holpen hat, is dat Drachten in hiele moaie start makke.

De Jouwer helle it twadde plak en tred waard it skûtsje fan Earnewâld. De skippen hiene it dreech, want it wie stil waar. Der waard in soad smookt om de wynrjochting te bepalen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)