Mear klandyzje Sociale Winkel

18 jul 2003 - 00:00

Hieltyd mear Ljouwerters klopje oan by de Sociale Winkel om help by it oplossen fan skulden of fragen oer WW of de bijstân. Dat seit teamlieder Teijema fan de Sociale Winkel.

Fanôf ferline jier sjogge sawaol de budzjetkonsulinten as de sosjale riedsmanlju in taname fan it tal fragen. Se skriuwe it hegere tal ta oan de minne ekonomyske omstannichheden, dêr't minsken folle earder troch yn finansjele swierrichheden komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)