'Flaters ûndersyk Coopmanshûs'

18 jul 2003 - 00:00

It bestjoer fan museum It Coopmanshûs yn Frjentsjer is min te sprekken oer in ûndersyk nei in nije behuzing foar it museum. Earder sette it bestjoer ek al fraachtekens by datselde ûndersyk fan stifting Doarp en Bedriuw.

Dêryn stiet nammentlik dat it Martenahûs as nije lokaasje minder geskikt is, om't dêr gjin plak wêze soe foar in lift. It ûndersyk stiet fol flaters, sa skriuwt it museum yn in iepen brief oan de gemeentlike polityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)