Klussetsjinst hâldt op

© Omrop Fryslân
Alderen yn Weststellingwerf kinne gjin gebrûk mear meitsje fan de klussetsjinst. De tsjinst waard útfierd troch minsken mei in Melkertbaan. Tsjin in lytse fergoeding waarden lytse putsjes útfierd by âlderein, handikapten en soarchynstellingen.
De Melkertbanen binne no omset yn echte banen by kommersjele bedriuwen. In reden foar de gemeente om der mei op te hâlden. Alderen moatte no ek gebrûk meitsje fan dy djoerdere bedriuwen.