Trio Minnesma wint yn 6 minuten

18 jul 2003 - 00:00

Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra makken tongersdeitejûn yn seis minuten dien wurk. Doe hie dit partoer de finale fan de haadklasse frij formaasjepartij fan Minnertsgea wûn.

Om't in dei earder it minne waar spulbrekker by de finale wie, waard der tsjin it trio Rutmer van der Meer, Henk Vlietstra en Daniël Iseger begûn mei de stân fiif om 'e trije. It partoer Minnesma pakte it lêste earst op 6-2 en sadwaande ek de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)