Ingelân stapt út Boxer-projekt

17 jul 2003 - 00:00

Ingelân stapt út it Boxer-projekt. De Boxer is in pantserwein dy't yn de mande mei Nederlân en Dútslân ûntwikkele wurdt. Trije Fryske bedriuwen binne dêrby belutsen: Visser karosserybou, Oreel PME en Profile Tyre Center; allegear út Ljouwert.

Direkteur Pol fan Visser ferwachtet dat Nederlân en Dútslân it projekt trochsette. Hy hopet sels wurk dat oars yn Ingelân útfierd wurde soe, no oernimme te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)