FNV warskôget foar útstjoerburo

© Omrop Fryslân
It FNV-fakbûn warskôget wurksykjenden net yn see te gean mei útstjoerburo Baansucces, dat wurket yn de sektor bou en technyk. It buro hat kantoaren yn Musselkanaal en Assen. Yn de arbeids- oerienkomsten stiet dat de wurknimmer by in mieningsferskil mei de wurkjouwer twa moanne lang gjin kontakt opnimme mei mei in fakbûn. Oars folget ûntslach op steande foet.
It lean fan tsientallen wurknimmers út it Noarden is al in tiid net útbetelle.