Spoar moat ophege wurde

17 jul 2003 - 00:00

It spoar yn Fryslân moat op ferskate plakken ophege wurde. De grûn ûnder de rails is fersakke, sa docht bliken út mjittingen op it trajekt Ljouwert- Meppel. De baanfakken Ljouwert-Starum en Ljouwert-Harns wurde ek noch neisjoen. Der is lykwols gjin gefaar foar treinreizgers.

De mjittings wurde dien troch de saneamde GeoRadar, dy't mei help fan elektromagnetyske fjilden alle sintimeters ûndergrûn mjit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)