Snits wint op 'e nij by Langwar

17 jul 2003 - 00:00

It Snitser skûtsje hat tongersdei op de Langwarder Wielen wûn. It is de twadde oerwinning foar Douwe Visser en syn bemanning yn de SKS. It Ljouwerter skûtsje mei Epie van der Pol siet de hiele wedstriid flak achter Snits en einige as twad. Tred waard Grou.

It Jouster skûtsje hie averij oan in swurd. Oan de ein fan de silerij wie der by de Lemsters noch eekes panyk. Skipper Ale Zwerver wie oerboard fallen. In oar skip pikte him gau op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)