Minder winst troch krystpakket

17 jul 2003 - 00:00

Sligro tinkt dit jier minder winst te meitsjen troch de weromrinnende ferkeap fan krystpakketten. De gruthannel yn iten hat ek in festiging yn Drachten. Wurkjouwers moatte dit jier foar it earste leanbelesting betelje oer de pakketten. Dêrom wurdt der minder jild oan útjûn.

De gruthannel ferwachtet dat de winst it kommende healjier mei 15 prosint omheech giet. Oer de earste helte fan dit jier wie dat 32 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)