Rendac hellet sneon kadavers op

© Omrop Fryslân
Destruksjebedriuw Rendac yn Burgum hellet ek kommende sneon deade bisten op. It bedriuw docht dat fanwege de hege temperatueren fan de lêste dagen.
Bisten dy't foar twa oere freedtenacht by Rendac melden wurde, wurde sneon oerdei ophelle. Deade bisten dy't letter melden wurde, wurde moandei ophelle. It giet allinnich om kadavers fan grutte buorkerijbisten lykas kij.